Mear leden foar biblioteek
Hast fjirtich prosint fan de Ljouwerters is lid fan de iepenbiere biblioteek. Ut it jierferslach fan de biblioteek docht bliken dat it tal leden ferline jier op 'e nij tanommen is.
Nettsjinsteande dy groei, binne foarich jier minder boeken útliend, sa'n trije prosint. Neffens de byb hat dat te krijen mei de trend dat minsken minder lêze.