MCL-personiel yn parkeargaraazje
Personiel fan it sikehûs MCL Súd yn Ljouwert kin fan moandei ôf ek parkeare yn de parkeargaraazje. Dy wie yn earste ynstânsje bedoeld foar de besikers. Om't der rûmte oer is, kinne meiwurkers dêr ek telâne.
It terrein dêr't it personiel earder de wein delsette, wurdt meikoarten ree makke foar nijbou fan it sikehûs.