Woudagemaal dit wykein iepen

© Omrop Fryslân
It Woudagemaal op De Lemmer giet wer ticht. Dat hat te krijen mei de kjeld dy't kommendeweis is. It stoomgemaal wie yn july dit jier iepen steld foar it publyk.
Dit wykein is it Woudagemaal foar it lêst tagonklik foar publyk. It gemaal is yn it wurk set om't it de ôfrûne dagen sa bot reind hat. Belangstellenden binne fan 1 maart ôf wer wolkom.