Boetes foar poeierbrief skoalle

© Omrop Fryslân
De trije ûnderwizers fan basisskoalle It Skriuwboerd dy't in poeierbrief skreaune nei de eigen direkteur krije hjir in boete foar. Dat hat de ofsier fan justysje besletten nei in petear mei de trije poeierbriefskriuwers.
De haadfertochte krijt in boete fan tûzen gûne, de twa oaren fan 500 gûne. It brief soarge yn oktober foar in soad opskuor yn Surhústerfean.