Nijstêd wer op 'e skeppe

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Nijstêd giet op 'e nij hielendal op 'e skeppe. Dat is de útkomst fan in konflikt tusken gemeente en oannimmer.
De natuerstien dy't der koartlyn ynkaam is, leit net goed. De oannimmer sil de stien no op 'e nij lizze. Dat kostet sawat in miljoen gûne. It bedrach wie in skoft lang ynset yn it konflikt, mar dat liket no delbêde.