Noordelijk Filmfestival begûn

09 nov 2001 - 00:00

Boargemaster De Boer fan Ljouwert hat tongersdei it 23ste Noordelijk Filmfestival iepene. By de iepening krige regisseur Pieter Verhoeff in priis, omdat syn film 'Nynke' al 200.000 besikers lutsen hat. Le Fabuleux destin d'Amélie Poulin wie de iepeningsfilm.

It festival duorret oant en mei snein. Acht Europeeske films stride om de filmpriis Matad'Or.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)