Langwar drompelfrij

08 nov 2001 - 00:00

Langwar rommet alle drompels op. It doarp is dêrmei it earste yn Nederlân dat goed tagonklik is foar handikapten, âlderein en minsken mei in bernewein of in rollator.

It sintrum fan Langwar giet momenteel op de skeppe. Yn april moatte alle beheinings fuorthelle wêze. Oare Fryske gemeenten wolle it plan oernimme, as it yn Langwar oanslacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)