Wetteroerlêst yn Dokkum

08 nov 2001 - 00:00

Dokkum hat tongersdei in soad oerlêst hân fan it reinwetter. By de Dokkumer Vlaggencentrale rûn in kelder fol wetter. Dêrtroch rekke in ûntwikkelmasine skansearre.

Technisi besjogge de saak no. As de masine in dei stilstiet betsjut dat al gau tûzenen gûnen skea. Yn de wyk Hoedenmakerspolder stienen de strjitten ûnder wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)