Fleantúch delstoart op Flylân

08 nov 2001 - 00:00

In Dútsk militêr fleantúch fan it type Tornado is tongersdei delstoart op de Flyhors by Flylân. De twa ynsittenden binne op 'e tiid út it tastel sprongen. Se binne troch in helikopter út see helle, der mankearret har neat.

It fleantúch die mei oan in oefening boppe de Flyhors. De brokstikken lizze diels op in droechfallen diel fan de sânplaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)