'De Boer praat foar har beurt'

07 nov 2001 - 00:00

It is ûnferstannich fan boargemaster De Boer om de netwurkstatus fan Ljouwert op te jaan. Dat sei FNP-lieder Van der Baan woansdei yn 'e steaten. De provinsje en de gemeente hâlde yn in brief oan it ryk fêst oan de netwurkstatus.

It giet dan net oan dat in nagelnije boargemaster de status opjout, fynt de FNP. 'Frou De Boer praat foar har beurt', seit Van der Baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)