Konferinsje oer tûke bern

© Omrop Fryslân
Bern dy't hiel goed leare kinne, krije te min omtinken yn it reguliere ûnderwiis. Mei in noardlike konferinsje freget it ûnderwiisbegeliedingssintrum GCO der omtinken foar. Likernôch 150 ûnderwizers wienen woansdei op It Hearrenfean.
Der is praat oer mooglike oplossingen foar tûke learlingen. Yn Fryslân binne der sa'n 2000 fan sokke bern.