Boekewikegeskink fan Itty Sluis

07 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Skriuwster Itty Sluis fan Hylpen skriuwt it boekewikegeskink 2002. De opdracht dêrfoar komt fan Stichting It Fryske Boek. Keapers fan in Frysk boek krije it geskink fergees. Itty Sluis hat koarte ferhalen, novellen en in roman skreaun. It binne meast fantasijferhalen op 'e grins fan it surrealisme.

De Fryske Boekewike 2002 rint fan 20 febrewaris oant en mei 2 maart.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)