Platina Film foar Nynke
De film Nynke fan Pieter Verhoeff wurdt bekroand mei in Platina Film. Dat betsjut dat 200.000 minsken de film sjoen ha. De bekroaning wurdt takend troch de Nederlandse Federatie voor de Cinematografie, it Nederlands Film Festival en it Nederlands Fonds voor de Film.
Nynke gie op 5 septimber yn Ljouwert yn premjêre.