Earste froulike skiedsrjochter

07 nov 2001 - 00:00

Sjoukje de Jong út Fegelinsoard sil sneon as assistint-skiedsrjochter debutearje by de fuotbalwedstryd Go Ahead Eagles - VVV. Se is dêrmei de earste frou dy't yn it Nederlânske betelle fuotbal as grinsrjochter optrede sil.

De Jong is 29 jier en flagge al fiif kear in duel yn de Amstel cup, mar dat gong tusken betelle en amateur-klubs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)