Spoarmuseum Snits nei stasjon

© Omrop Fryslân
It Nasjonaal Modelspoarmuseum yn Snits ferhuzet mooglik nei it âlde NS-stasjon fan Snits. It kolleezje fan B&W hat de gemeenteried foarsteld om 31.000 gûne te beteljen foar in ûndersyk nei de mooglikheid dêrfan.
It museum is no noch yn de biblioteek fan Snits, mar is stadich oan út syn jaske groeid. Foar de ferhuzing is noch wol 90.000 gûne oan sponsorjild nedich.