Nije museumkonsulint beneamd

© Omrop Fryslân
Museumkonsulint Hans de Haan leit ein dit jier syn funksje del. Hy wurdt opfolge troch de 41-jierrige Mirjam Pragt út Utrecht, dy't no noch haad kolleksjebehear fan it legermuseum yn Delft is.
Dêrfoar hat se kolleksjebehearder fan de ôfdieling Nederlânske skiednis fan it Ryksmuseum yn Amsterdam west. De 59jierrige De Haan, dy't 25 jier museumkonsulint yn Fryslân wie, sil yn 'e VUT.