Ljouwerter flat tsjin de flakte

05 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is moandei de serviceflat oan de Evenhuisstrjitte sloopt. It gebou is nei ûnderen helle mei in druksysteem. Dat betsjut dat de dragende muorren der út drukt wurde, sadat de flat yninoar sakket.

It gebou wie de lêste jierren slim fertutearzge. Der wennen hast gjin gesinnen mear yn. Op it plak fan de flat komme no keapwenten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)