Kapel 'Snippefangers' kampioen

05 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Blaaskapel 'De Snippefangers' út Bakhuzen is sneon op it jierlikse blaaskapellekonkoers yn Muntendam kampioen fan Noard-Nederlân wurden.

De kapel begûn har optreden mei de Süd Böhmische Polka as ynspylwurk. De wals Abendgedanken en de polka Schwarzwaldreise wiene ferplichte wurken. Kapelmaster fan 'De Snippefangers' is Lieuwe de Jong fan Koudum.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)