GrienLinks: gjin stipe oan Bush

© Omrop Fryslân
De GrienLinks-fraksje fan Provinsjale Steaten hat mei in brief de partijgenoaten yn de Twadde Keamer oproppen om net langer yn te stimmen mei de bombardeminten op Afghanistan.
Neffens de fraksje is it net langer út te lizzen oan it publyk dat GrienLinks de militêre aksjes stipet. Nederlân moat ophâlde mei de stipe oan Amearika, sa seit de fraksje.