Man oerfallen yn Sumar

05 nov 2001 - 00:00

In 66-jierrige ynwenner fan Sumar is sneontejûn oan de Houwinksreed yn syn wenplak oerfallen. Twa jonge mannen op in brommer hawwe it slachtoffer fan syn fyts treaun, mishannele en syn bûsen trochsocht.

Doe't se gjin jild fine koene, naaiden se út. Foar de oerfal makken de jonges op de Lânsbuorren noch in praatsje mei de man. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)