'Bonifatiushospitaal net slope'
It Bonifatiushospitaal, no MCL-Noard, moat behâlden bliuwe. Dat fynt Karstkarel fan de stifting moderne arsjitektuer.
It is fierhinne wis dat it gebou, boud yn de styl fan de Amsterdamse School, plak makket foar 280 lúkse wenten. Dat smyt it MCL in soad jild op. Neffens Karstkarel moat ekonomysk belang net altiten foar master opslaan.