Deadlik ûngemak by Easterwâlde

04 nov 2001 - 00:00

In 25-jierrige ynwenner fan Haulerwyk is sneon by in ûngelok om it libben kommen. De man ried op syn motor oer de Weper en woe yn in bocht in tal auto's ynhelje.

By it ynhljen kaam er oan de linkerkant fan de wei yn de berm telâne. Dêr botste de man tsjin in beam oan. It slachtoffer stoar op it plak sels oan syn ferwûnings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)