Minne seizoensstart foar Postma

04 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Op it keningsnûmer fan de NK ôfstannen reedriden, de 1500 meter, hat Hersman de titel pakt. Yn it fjild mei alle grutte nammen wûn er yn 1.52,93. Ritsma waard mei 1.53,18 tredde.

Postma waard tsiende en is de grutte ferliezer fan it wykein. Hy hat him foar gjin inkelde Wrâldbekerwedstriid pleatst. Pas foar de Krystdagen kin er him wer bewize op heech nivo.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)