Iepening Thialf falt yn wetter

03 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De iepening fan it reedrydseizoen hie sneon foar Thialf in min smaakje. Sa'n fyftjinhûndert riders binne nei trije kertier fan it iis helle, om't der tefolle sâlt yn it iis siet.

Nei't in nije iislaach oanbrocht wie, koe der yn de middei wer riden wurde. De problemen binne feroarsake troch nije apparatuer. De ôfrûne moannen hat Thialf in soad ynvesteard.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)