De Jong kampioen op 3000

© Omrop Fryslân
Tonny de Jong is sneon yn Grins Nederlânsk kampioen reedriden wurden op de 3000 meter. Se ried in tiid fan 4.18,58. Konkurrinten Barbara de Loor en Renate Groenwold dienen net mei.
De prestaasje fan Wieteke Cramer foel ôf. Se waard sechsde yn in tiid fan 4.29,62. Cramer krijt dêrmei gjin startbewiis foar de earste Wrâldbekerwedstriden.