Friezen net goed op 1000 meter

© Omrop Fryslân
De Fryske topreedriders ha sneon net meidwaan kinnen om de heechste plakken by de tûzen meter op de NK ôfstannen. By de manlju waard Ids Postma sande yn 1.13,53, Ritsma siet der mei 1.13,81 twa plakjes efter.
By de froulju wie Annamarie Thomas fyfde yn 1.21,89. Sy mei wierskynlik nei de Wrâlbekerwedstriden. Postma en Ritsma kinne dat foar de 1000 meter ferjitte.