Brân op buorkerij Wâlterswâld

© Omrop Fryslân
By in brân yn de stallen fan in keallemesterij yn Wâlterswâld binne freed hûnderten keallen oan de dea ûntsnapt. Troch it fjoer binne 25 kij omkommen.
By de brân is de foersilo, dêr't it fjoer yn ûntstien is, en in part fan de stâl ferlern gien. Oer de finansjele skea is noch neat te sizzen. By de brân is asbest frijkommen. De plysje hat de omkriten ôfset.