Debút keeper De Vries by Cambuur

02 nov 2001 - 00:00

Ale-Geart de Vries (20) fan Kollumersweach makket freed syn debút as keeper by it earste fan Cambuur. De Vries hat al 9 jier by Cambuur spile yn ferskate jeugdseleksjes. Hy is tredde keeper en krijt de foarkar boppe Marcel Feenstra.

De Vries moat ynfalle omdat Cees Paauwe op 'e training blesseard rekke is. De Vries komt fan Friese Boys en hat noch gjin kontrakt by Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)