Thialf sil takom sneon wer iepen

© Omrop Fryslân
IIsstadion Thialf sil kommende sneon wer iepen foar it publyk. Der is 17 miljoen gûne ynvestearre yn it iisstadion, dat by de top 3 fan de wrâld hearre wol.
Tongersdeitejûn is der út ein set mei de iisflier. De nije iisbaan hat as ûndergrûn in superflakke betonflier. Foar de reedridersploegen betsjut de ferbou dat se pas nije wike tiisdei wer yn Thialf trene kinne.