Beropssjauffeur kriget wurkstraf

01 nov 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

In beropssjauffeur fan 45 jier út Beilen is tongersdei foar de rjochtbank yn Ljouwert feroardield ta 240 oeren wurkstraf. De man hat op 4 oktober ferline jier in famke op de fyts oanriden. Dat barde op de Kimswerderwei yn Harns.

It famke is dêrby om it libben kaam. De man seach it famke oer de holle fanwege de saneamde deade hoeke yn de spegel fan syn frachtauto.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)