Problemen mei Dennisbussen

01 nov 2001 - 00:00

Ferfiersbedriuw Arriva hat op 'e nij problemen mei de saneamde Dennisbussen. Dizze bussen hawwe in lege ynstap foar passazjiers en in leech brânstofferbrûk.

Neidiel fan de bussen wie dat de doarren net goed slute woenen. Fan 't simmer waarden dêrom al 50 bussen werom stjoerd nei de fabrikant yn Engelân. De doarkonstruksje waard doe oanpast. De bussen ha lykwols ek noch in lekkaazjeprobleem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)