Gjin moanlikse tongbliertest

© Omrop Fryslân
De moanlikse test op tongblier foar keallen is fan 1 novimber net mear ferplicht. Dat makke it lânbouministearje bekend. Dat beslút hat te krijen mei de geunstige ûntjouwingen yn Grut-Brittanje op it mêd fan de sykte.
Wol wurdt it bloedûndersyk op ymportearre mestkeallen hanthavene. It ûndersyksynstitút ID-Lelystêd hat oant no ta noch gjin spoaren fan tongblier fûn.