De Boer: debat wie lykwichtich
Boargemaster Margreeth de Boer is goed te sprekken oer it riedsdebat fan moandei. Neffens har wie it debat lykwichtich, mar net al te freonlik. "Mar sizze se yn Fryslân net dat de wierheid in skel lûd hat?"
De Boer hat der in soad sin yn om mei de Ljouwerter ried gear te wurkjen. Woansdei sil De Boer yn 'e kunde komme mei amtners, tongersdei begjint se.