Ljouwert lokaasje himmelaksje

© Omrop Fryslân
Ljouwert is takom jier haadlokaasje by de himmelaksje 'Duik Holland Schoon'. Doel fan de aksje, dy't foar de tsiende kear hâlden wurdt, is it skjinmeitsjen fan grêften. Lanlik moat dat dien wurde troch 3500 dûkers, yn Ljouwert troch 300. Kommende sneon wurdt der al proefdûkt by de Prins Hendrikbrêge, om te sjen hoe folle smoargens oft der yn de grêften leit.