De Haan: gjin gesach, gjin fisy

© Omrop Fryslân
Van Maaren hie as boargemaster gjin liederskip, gjin gesach en gjin fisy op 'e takomst en wie dêrom net langer te hanthavenjen. Dat sei wethâlder De Haan moandei tidens de gemeenteried.
Ek it lobbyen foar Ljouwert yn Den Haach gie Van Maaren min ôf. Ek soene ferskate meiwurkers fuortgien wêze omdat se net mei Van Maaren gearwurkje koene. Brekke is dêrom de iennichste útkomst.