FNP-fraksje Menameradiel lilk

© Omrop Fryslân
De FNP-fraksje fan de gemeente Menameradiel is lilk op it kolleezje omdat de plannen foar de ferhuzing fan mestferwurkingsbedriuw Wassenaar fan Bitgum ôfkard binne. It kolleezje hie trije mooglike lokaasjes op it each.
Dizze soene neffens B&W net geskikt wêze. Neffens de kommisje fan oerlis is it beslút net basearre op deeglik ûndersyk. De FNP-fraksje fynt dit sleau.