Lauwerswâlden sil baggerje

© Omrop Fryslân
Wetterskip Lauwerswâlden begjint ynkoarten mei it útbaggerjen fan de sleatten yn it súdeasten fan it wurkgebiet. Yn totaal wurdt der sa'n 110 kilometer skjinmakke. Yn it baggerplan stiet dat alle wetterlopen foar 2005 baggere wurde moatte. It gebiet dat oanpakt wurdt, leit tusken it PM-kanaal en Drachten.
De kosten wurde rûsd op fjouwer en in heale ton.