FNP wol sit yn ried Ljouwert

© Omrop Fryslân
De FNP besiket takommend jier by de gemeenteriedsferkiezings in sit te ferôverjen yn Ljouwert. Dat is by de lêste stimbusstriid net slagge. Foarsitter Straatsma seit dat de kânsen keard binne en dat der yn Ljouwert genôch minsken op de FNP stimme sille.
Listlûker is Sybren Posthumus, bekend as oprjochter fan de Fryske Klub. Listtriuwer is keunstner Anne Feddema.