Peper:it leit net oan Van Maaren

© Omrop Fryslân
De opstapte boargemaster Van Maaren fan Ljouwert is it slachtoffer wurden fan in gemeentebestjoer, dat tige min draait. Dat sei âld-minister Peper fan Ynlânske Saken snein yn TV-programma 'Buitenhof'.
Neffens Peper wie Van Maaren by de fakatuere ein 1998 de bêste kandidaat. Hy hat har doe sels beneamd. Om problemen lykas yn Ljouwert te foarkommen kinne boargemasters tenei better keazen wurde.