Winst foar dames Essent Snits

© Omrop Fryslân
De volleybal-dames fan Essent Snits hawwe sneon in oertsjûgjende 3-0 oerwinning helle op Vanilla VC. De froulju út Limburch waarden mei 25-22, 25-17 en 25-17 ferslein.
Snits hat no nei trije wedstriden 6 punten helle. Skiedsrjochter wie Jan Rinksma fan Hurdegaryp. Hy krige nei 40 jier fluiten syn ôfskiedswedstriid oanbean troch de NeVoBo.