SP fiert aksje foar it Waad

28 okt 2001 - 00:00

De Soasjalistyske Partij fiert moandei aksje foar it yn stân hâlden fan it Waad. Der wurde 10.000 manifesten oanbean oan Geke Faber, steatsekretaris fan Lânbou, Miljeu en Fiskerij.

Dêryn stiet dat de steatssekretaris alle maatregels nimme moat dy't nedich binne om de natuer yn it Waadgebiet te behâlden. Woansdei begjint yn it Deenske Esbjerg de ynternasjonale Waadkonferinsje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)