Iepen dei museumke Winaam

© Omrop Fryslân
Mear as hûndert minsken besochten sneon it Archeologysk stipepunt Winaam. It museumke yn 'e konsistoarje fan 'e Winamer tsjerke bestiet in jier. Yn it museumke is in protte te sjen oer de fynsten yn 'e Winamer doarpsterp. Allinnich de kostbere fibula leit net yn Winaam.
Doarpsbelang Winaam en de argeologyske wurkgroep beskôgje de iepen dei as in súkses.