Wer feestjerte yn Ie

27 okt 2001 - 00:00

By boer Boersma yn Ie binne sûnt juny al 12 kij fan 'e nije feesteapel stoarn. Net oan tongblier, mar oan de yndirekte gefolgen. De nije feesteapel is ekstra kwetsber, omdat de kij fan ferskate bedriuwen komme. De kij stekke inoar oan en binne ek faker siik.

De problemen spylje by mear boeren. De sike kij en hegere keallestjerte jaget de boeren op ekstra kosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)