Plysje foarkomt yllegale races

© Omrop Fryslân
In lytse plysjemacht hat freedtejûn nije yllegale autoraces foarkommen op bedriuweterrein A7 by Oerterp. Tsientallen minsken krigen in bekeuring omdat se har net oan it stopferbod hâldden.
In soad racefans kamen út protest op 'e fyts nei it bedriuweterrein. Ek sy waarden fuortstjoerd troch de plysje. Yntusken wurdt der drok spekuleard oer in alternative lokaasjes foar de races.