Cambuur wint fan Telstar: 1-0

© Omrop Fryslân
Cambuur Ljouwert hat freedtejûn trije punten fertsjinne troch Telstar yn eigen hûs te ferslaan. Jan Bruin makke yn 'e twadde helte de iennichste goal. Hy kopte in frije traap fan Durmusoglu achter Telstar-keeper De Vries.
It spul fan Cambuur wie net geweldich. Yn 'e earste helte kaam it amper ta in goeie oanfal. Nei de goal waard der fral ferdigene.