Drachten: no gjin nij swimbad

Drachten krijt de kommende jierren gjin nij swimbad. De gemeente Smellingerlân hat in beslút op de lange baan skood. De gemeente jout wol jild út om it besteande swimbad De Welle by de tiid te hâlden.
De gemeente hat de lêste tiid ûndersyk dien nei de takomst. Dêrút komme fjouwer opsjes: in 50 meter wedstriidbad mei in rekreaasjebad op in nije lokaasje, in 25 meter bad mei in rekreaasjebad op in nije lokaasje, in 25 meter bad op it besteande plak of allinnich renovaasje fan it besteande bad. Foar ûnderhâld is 545.000 euro reservearre.
In beslút oer nijbou wurdt no yn 2016 ferwachte. Dan moat mear dúdlikheid wêze oer de sinten dy't dêrfoar nedich binne.