Net mear steppe of fytse yn MCL

26 okt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Der mei net mear stept of fytst wurde yn de gongen fan de MCL-sikehûzen yn Ljouwert. De ôfrûne moannen hawwe der in tal ûngemakken west, dêr't pasjinten en besikers by oanriden wurden troch meiwurkers op fyts of step.

Dêrom hat de sikehûsdireksje besletten dat it personiel har net langer op de fyts of step ferpleatse mei yn de gongen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)