Jaap Castelein te hôf brocht

26 okt 2001 - 00:00

Yn syn berteplak Warten is freed Jaap Castelein (55) te hôf brocht. Castelein hat in soad betsjutten foar de Fryske kultuer as organisator fan ûnder oare Simmer 2000 en it Frysk Festival.

Op de byienkomst foarôfgeand oan de begraffenis waard sprutsen troch ûnder oaren Rients Gratama en songen troch de Fryske tenor Albert Bonnema. Castelein is moandei hommels weirekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)