Fertochte sedesaken oanholden

26 okt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat in 19-jierrige man út Drachten oanholden as fertochte yn in tal sedesaken. It giet om de ferkrêfting fan twa famkes en de oantaasting fan in frou.

De ynsidinten fûnen plak yn de Drachtster bosk en De Sanding. De plysje siket noch út oft de man ek belutsen is by de oantaasting fan twa famkes yn de wyk De Trisken. De man ûntkent skuld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)