Koart nijs fan de plysje Fryslân

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei in himpkwekerij op de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert oprôle. De 100 himpplanten en alle apparatuer binne yn beslach nommen. De 19jierrige eigner fan it gebou en trije froulju binne oanhâlden.
Yn Tsjummearum hat tongersdei in útslaande brân west yn in kantoarunit fan de asylsikersopfang oan de Sytzamaleane. De hiele kantoarunit is ôfbaarnd.